Noarden: 1/5 duorsume enerzjy

18 feb 2014 - 20:44
  • Duorsume enerzjy

Goed 20 prosint fan de duorsume enerzjy wurdt opwekke yn de trije noardlike provinsjes. Dat docht bliken út sifers fan de 'Energiemonitor' dy't Energy Valley tiisdei presinteard hat. Yn 2012 waard hat 10 prosint fan it noardlike enerzjygebrûk fia duorsume bronnen opwekke, wylst dat persintaazje lanlik op noch gjin 5 prosint leit.

It tal banen yn de enerzjysektor is wol wat ôfnommen in Fryslân, Grinslân en Drinte, mar mei hast 32.500 foltiidsbanen bliuwt it in grutte sektor yn it Noarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)