Priis foar Fryske spesjalisten

18 feb 2014 - 19:56

Fryske spesjalisten en laboratoaria hawwe in lânlike priis krigen foar harren oanpak fan leukemy en lymfeklierkanker. Sy hawwe de priis krigen, om't der in goeie gearwurking is tusken de spesjalisten en de laboratoaria.

Alle belangrike medyske gegevens fan pasjinten mei leukemy en lymfeklierkanker wurde yn in grutte databank, de Hemobase, opslein. Der is langer as tsien jier oan dit projekt wurke.

Robbie Kibbelaar is klinysk patolooch yn it MCL en ien fan de inisjatyfnimmers fan Hemobase. Hy ferwachtet dat Hemobase foar bettere behannelmetoaden fan leukemy en lymfeklierkanker soargje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)