Bylden oerfal Snits op youtube

18 feb 2014 - 17:50

De plysje hat bylden fan de oerfal fan twa wiken lyn op it Q8 tankstasjon oan de Frittemaleane yn Snits op ynternet setten. De oerfaller hie in meiwurker mei in fjoerwapen bedrige en wie mei in ûnbekend jildbedrach útnaaid rjochting it Swettebosk.

De fertochte is in blanke man fan 1,75 meter mei donkerblond hier. Hy droech in donkere jas en spikerbroek en wite sportskuon.

Sjoch hjir nei bylden fan de oerfal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)