Jorrit: Ik kin it net leauwe

Hurdrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn koe tiisdeitemiddei mar amper leauwe dat hy in gouden olympyske medalje op de 10 kilometer wûn hie. 'Dit moat ik earst even besinke litte', wie Bergsma syn earste reaksje nei ôfrin. 'Ik wist dat ik in goeie tiid ried', seit Bergsma oer syn race fan 12 minuten en 44 tellen. 'Sven wie in skoft flugger, mar helle it net. Ik kin it amper leauwe.'
Trainer Jillert Anema wie út de skroeven oer de winst fan Bergsma. 'Dit is de kroan op it wurk', seit Anema.