Ferkrêfting: 5 jier sel easke

18 feb 2014 - 16:03

Foar de rjochtbank fan Ljouwert is tiisdei fiif jier selstraf easke tsjin de man, dy't der fan fertocht wurdt dat hy yn 2001 syn alvejierrige styfdochter ferkrêfte hat. It famke fan De Westereen rekke yn ferwachting en befoel yn 2002 fan in poppe. De man soe syn styfdochter oardel jier lang misbrûkt hawwe. De 41-jierrige man flechte nei Tailân.

De man waard ein ferline jier oanholden. DNA-ûndersyk hat útwiisd dat de man yndied de heit is fan de poppe. Op 4 maart is de útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)