Froulju wer werom by profklup

© awfoto.nl
Haadsponsor Univé en Sportklup Hearrenfean sille byspringe om it gat fan 85.000 euro yn de begrutting fan Stichting Frouljusfuotbal SC Hearrenfean slutend te meitsjen. Ek sil de fuotbalklup de froulju fasilitêr stypje yn de foarm fan trainers, fjilden en fysioterapy. Dat is tiisdeitemoarn besletten yn it oerlis mei de fuotbalklup, de KNVB, sponsors en de stichting.
Eask foar de stipe is wol dat de stichting flink yn de útjeften snoeit. Sa sil der besunige wurde moatte op it lean fan de trainers.
Ek moat mei de grutste skuldeaskers in regeling troffen wurde. Fan 1 july ôf sille de froulju ûnder ferantwurdlikheid fan SC Hearrenfean it nije seizoen yngean.