Proeffjild Fobek yn Grikelân

Feredelingsbedriuw Fobek út Sint Anne giet nei Grikelân om dêr in proeffjild foar sâlttolerante jirpels te begjinnen. Op dit stuit binne hûndert potinsjele jirpels ûnderweis fanút Nederlân nei Grikelân. De hierprizen fan grûn binne dêr folle leger, wêrtroch Fobek sûnder druk fan it finansjele budzjet oan de slach kin mei it ûntwikkeljen fan sâlttolerante jirpels.
Wannear't de resultaten fan it proefprojekt goed binne, slút de direksje net út dat it bedriuw weromkomt nei Fryslân om de jirpel hjir fierder te ûntwikkeljen.