Ruslân wer iepen foar jirpels

Ruslân wol wer Nederlânske jirpels ymportearje. Dat skriuwt steatssiktaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken. Ferline jier gie de grins foar poat- en konsumpsjejirpels op slot om't de Russyske kontrôletsjinst twivele oan de kwaliteit. De eksport fanút Nederlân nei Rûslân gie werom fan 30.000 nei noch gjin 15.000 ton.
Meikoarten sille Russyske ynspekteurs Nederlânske jirpels kontrolearje. LTO-bestjoerder Upt Hiddema fan Holwert giet derfan út dat dêrnei de eksport nei Ruslân wer los giet. It lân hat ferlet fan Nederlânske jirpels.
Grutte multinasjonals binne dwaande om dêr sjips- en patatfabriken te iepenjen en sadwaande is de fraach nei jirpels grut.