Grouster strjitte fersakket

Bewenners fan 'e Noarderdwersstrjitte yn Grou sitte yn noed. De huzen yn 'e strjitte fersakje. Nûmer 9 is der sa slim oan ta dat it al net mear bewenber is. Dat hûs is fan ferhierder Elkien. De buert fynt dat der in oplossing komme moat.
Yn de strjitte steane sawol keap- as hierhuzen. De húseigeners meitsje harren soargen om har hypoteek. De huzen sakje yn wearde en binne min ferkeapber. Elkien soe al testen dien hawwe, mar de buert hat noch neat sjoen. Nije wike is der in petear mei sawol Elkien as de gemeente Ljouwert.
Wenningkorporaasje Elkien seit dat se de soargen fan de bewenners fan 'e Noarderdwersstrjitte begripe. De wenningkorporaasje hat al oanjûn dat se ûndersyk dwaan sil nei it grûnwetterpeil, de riolering en de fûndearring fan de huzen. Om de bewenners op 'e hichte te bringen fan ûndersyk en ferfolchstappen organisearret Elkien nije wike tegearre mei de gemeente in ynformaasjebyienkomst.