Knegt wint searje 500 meter

Sjinkie Knegt hat de searjes fan de Olympyske 500 meter shorttrack yn Sotsji mei gemak oerlibbe. De Bantegeaster, winner fan brûns op de 1000 meter, koe it oprêde tsjin Charles Hamelin fan Kanada, de Rus Semen Elistratov en de Dútser Robert Seifert. Knegt gong winnend oer de einstreek, foar Elistratov. Favoryt Hamelin, winner fan it goud op de 1500 meter, gong ûnderút.
In plak by de earste twa wie nedich om freed yn de kwartfinale út te kommen. Freek van der Wart helle ek de kwartfinale, Niels Kerstholt waard útskeakele.
By de froulju op de 1000 meter waard Yara van Kerkhof yn de searjes útskeakele en gong Jorien ter Mors ûnderút. Dy fal waard feroarsake troch de Kanadese Marianne St-Gelais en dêrom is Ter Mors troch in sjuerybeslút wol kwartfinalist. De kwartfinale, heale finale en finale wurde freed ferriden.
Bûnscoach Jeroen Otter is mear as tefreden oer de race fan Knegt: "Een medaille op de 500 meter is niet onrealistisch. Hij is goed in vorm en relaxed."