Man oanhâlden foar dea frou

Yn Drachten hat de plysje in 54-jierrige man oanhâlden foar belutsenheid by de dea fan syn frou. Ferline wike tiisdei is de frou mei har scootmobyl út it wetter helle yn Drachten. Earst waard tocht dat se troch natuerlike oarsaak ferstoarn wie. Mar in dei letter is de plysje in ûndersyk begûn nei hoe't de frou te wetter rekke is, en wat mooglik dêrfoar bard is.
Der is seksje ferrjochte op it lichem. De echtgenoat fan de frou wurdt woansdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.
Yn ferbân mei it ûndersyk ropt de plysje tsjûgen dy't mooglik wat sjoen hawwe om kontakt op te nimmen mei de plysje.