Maple redens hopet op Jorrit

18 feb 2014 - 11:17

Jorien ter Mors, Stefan Groothuis, Victor An en Sang-Hwa Lee ha goud helle op Fryske redens. It is goeie reklame foar Maple-redens út Easternijtsjerk. It geheim fan de gouden Maple-reed is neffens ferkeaper Paul Bos de stiifheid fan de reed. De helte fan alle reedriders, dy't start op 'e Olympyske Spelen yn Sotsji, stiet op Maple redens. Sa rydt ek Jorrit Bergsma op Maple redens.

Mapel leveret likegoed oan shorttrackers as oan langebaanriders. De redens fan Jorien ter Mors binne deselden as dy't de konsumint keapje kin.

By Maple binne fansels tige grutsk op de behelle resultaten en folgje de Winterspelen op 'e foet. By it bedriuw wurkje goed 15 minsken. Ald-reedrider Erik Hulzebosch is ien fan de oandielhâlders fan Maple redens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)