Plysje beboetet hûnebaaskes

De dunen by Bakkefean © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Sân hûnebaaskes binne de ôfrûne dagen beboete troch de plysje om't se de hûn losrinne lieten yn in natoergebiet dêr't soks net mei. De plysje kontrolearre yn de Bakkefeansterdunen, de Schoapedobbe by Appelskea en de Potskar by de Snitsermar. Dit soarte fan kontrôles wurde yn it foarjier oanskerpe yn ferbân mei it briedseizoen fan greidefûgels.
Benammen yn de dunen by Bakkefean is de oerlêst fan losrinnende hûnen grut. Hjir binne ferskate skiep oanfallen en sels deabiten.