Seminar rouferwurking yn MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert organisearret tiisdei it seminar 'Rouw op je dak'. Yn it seminar wurdt oandacht jûn oan de ferwurking fan rou op it wurk. Dêrby giet it net allinnich om fertriet nei it ferliezen fan in famyljelid, in pasjint of in kollega, mar ek om it fertriet dat ûntstiet troch in reorganisaasje op it wurk.
Binnen de organisaasje hat it MCL saneamde 'afdeling ondersteunende teams', dy't steun jout by it ferwurkjen fan dit fertriet. Gastsprekker op it seminar is kommissaris fan de Kening yn Súd-Hollân Jaap Smit.