Konflikt seehûnekresj oplost

17 feb 2014 - 22:55

De krisis by de seehûnekresj fan Pieterburen is ferholpen. Moandeitejûn waard bekend makke dat der in nije ried fan tafersjoch oansteld wurde sil. Ald-steatssekretaris Henk Bleker wurdt foarsitter en fierder komme ek firolooch Ab Osterhaus en krisismanager Ferry van der Kwaak yn de ried.

It konflikt by de kresj gong oer de opfang fan de seehûnen. De nije direkteur, Niek Kuizinga, jout de bisten minder antibiotika en set de bisten earder werom yn see as oprjochtster Lenie 't Hart.

Sy sit net mear yn de direksje, mar oefenet fia de ried fan tafersjoch noch wol ynfloed út. It personiel wie it iens mei it belied fan Kuizinga en easke dat de rie fan tafersjoch opstappe soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)