Wurkstraf easke tsjin Dankbaar

Publisist Wim Dankbaar moat ophâlde mei it beskuldigjen fan twa minsken dy't neffens him belutsen binne by de moard op Marianne Vaatstra. Dat seit it Iepenbier Ministearje yn Grins. As hy der dochs mei trochgiet, moat Dankbaar de finzenis yn. Justysje easke moandei in wurkstraf fan 80 oeren en fjouwer wike selstraf ûnder betingst tsjin Dankbaar, fanwege smaad en mislediging.
Dankbaar soe in famyljelid fan Ali Hassan misledige ha op syn ynternetside. Hassan wie in skoftke fertochte fan de moard op Vaatstra.
Fierder wurdt Dankbaar der fan fertocht dat hy de heit fan Spencer, de freon fan Marianne, yn in kwea deiljocht setten hat. Dankbaar moat fan justysje alle lasterlike teksten fan ynternet helje. Ek mei hy gjin kontakt mear sykje mei twa fan syn slachtoffers. By eltse oertreding moat Dankbaar fjouwer wiken de sel yn, sa fynt it Iepenbier Ministearje. De útspraak is oer twa wike.