'Fertocht pakket tige brânber'

© Janko de Vries
Yn it fertochte pakket dat freed oantroffen waard yn de Grietmansstrjitte yn Sint Anne siet in tige brânbere stof. Dat hat in wurdfierder fan de plysje moandei witte litten. Om watfoar stof it krekt giet wol de plysje net sizze, mar de oanwêzichheid fan de stof wie oanlieding genôch om de melding 'tige earnstich' te nimmen, sa seit de plysje.
De man (64) dy't it fertochte pakket by de plysje melde is sneon oanhâlden. Hy is ien fan de bewenners fan it kompleks en sit noch hieltiid fêst. De man waard oanhâlden fanwege twivels oer de melding.
De resjerzje fûn oanwizings yn syn appartemint dy't de man fertocht meitsje, sa seit de plysje. Nei de fynst fan it pakket moasten freed de 21 bewenners fan de 16 apparteminten har hûs út oant it momint dat eksplosiven oprommingstsjinst EOD it pakket ûnskealik makke hie.