Projekt foar lang en sûn wurk

NHL yn Ljouwert © Omrop Fryslân
In nij ûndersykssintrum dêr't ûnder oare de Ryksuniversiteit Grins, it UMCG en de NHL yn gearwurkje, moat derfoar soargje dat wurknimmers yn Noard-Nederlân langer, sûner en produktiver oan de slach bliuwe. It sintrum sprint@work ûntwikkelet hjirfoar mei ferskate bedriuwen produkten en tsjinsten. Bygelyks om de reaksjesnelheid fan in wurknimmer te mjitten.
Bedriuwen kinne sa wurkplakken better ôfstimme op yndividuele wurknimmers. Sprint@work rint oant 2017 en set útein mei stipe fan gearwurkingsferbân SNN fan de noardlike provinsjes.
It projekt is neffens de inisjatyfnimmers hurd nedich, omdat troch de fergrizing de leeftyd fan de trochsneed wurknimmer de kommende jierren tanimme sil.