Gjin WK foar Jenning Huizenga

17 feb 2014 - 13:24

Jenning Huizenga moat it WK baanhurdfytsen oan him foarby gean litte. De 29-jierrige âld-Frjentsjerter hat de sykte fan Pfeiffer. It titeltoernoai is fan 26 febrewaris oant en mei 2 maart yn it Kolombiaanske Cali. Huizenga wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Guadalajara fan mids jannewaris de yndividuele efterfolging. De hurdfytser, dy't ferline jier op it WK yn Minsk as fiifde einige, waard dêrom sjoen as medaljekandidaat yn Cali.

De Fryske efterfolger pakte yn 2008 al sulver op it WK yn Manchester.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)