Soargen oer seefeartskoalle

17 feb 2014 - 12:54

Ald-studinten fan de seefeartskoalle op Skylge binne benaud dat har skoalle ferdwynt omdat de bou fan in nije studintekampus mooglik net trochgiet. Wenningstifting De Veste wol dat de bou dizze simmer begjint. Oars giet it projekt net troch. Stifting Ons Schellingerland hat lykwols beswieren tsjin it bouplan.

As de bou troch juridyske prosedueres net trochgiet, ûntstiet in grut probleem foar de 400 studinten, want de besteande kampus foldocht net oan de feiligheidseasken en wurdt yn 2015 sloopt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)