Bommelder Sint Anne foarlaat

17 feb 2014 - 12:38

De 64-jierrige man fan Sint Anne dy't freed oppakt waard fanwege in fertocht pakketsje dat by syn wenning lei, wurdt moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy beslút oft de man noch langer fêstsitten bliuwe moat. De man kaam sels mei de melding dat by syn hûs in fertocht pakketsje lei.

By ûndersyk yn it hûs fan de man kaam de plysje materiaal tsjin dat him fertocht makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)