Technyktoernoai: soad skoallen

17 feb 2014 - 12:19

Oan Techniek Toernooi Noord docht dit jier in rekôrtal basisskoallen mei. Der binne 24 Fryske teams, 26 Drintse en 34 teams út Grinslân. Yn Fryslân dogge ûnder oare skoallen út Kollum, Feanwâlden, Aldehaske en Sibrandabuorren mei. It Techniek Toernooi is bedoeld om bern te ynteressearjen foar technyk. Foar it toernoai moatte se ferskate opdrachten dwaan. Sa moatte de âldste bern in robot meitsje.

De finale fan it Techniek Toernooi is op 17 april yn Emmen. It toernoai is in inisjatyf fan de Nederlandse Natuurkundige Vereniging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)