DVC: 300 Olympyske flaggen

Nei in spesjale flagge foar de troanswiksel en twa jier lyn foar it EK fuotbal komt de Dokkumer Flaggesintrale no mei in spesjale Olympyske Flagge. De oranje flagge mei dêrop in gouden reed en de Olympyske ringen is betocht yn gearwurking mei harkers fan Radio 2. Mei-inoar wurde der goed 300 flaggen drukt, mar as de belangstelling grut is, dan kinne der mear makke wurde.
Doel is om de flagge yn elts gefal te brûken by de oankomst fan de sporters op fleanfjild Eelde en de lanlike huldiging yn Assen.