Plysje kriget traap yn it liif

Plysje-embleem © ANP
Op It Hearrenfean hat sneontenacht in plysje in traap yn it liif en in klap yn it gesicht krige. Dat wie by in rûzje tusken in 25-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean en in 23-jierrige man út Aldskoat. De Hearrenfeaner joech de Aldskoatter in kopstjit yn in hoarekagelegenheid oan de Vleesmarkt.
De rûzje gie op strjitte fierder. Doe't de plysje derby kaam en de Feanster oanhâlde woe, fersette dy him, en hy mishannele en misledige de plysje. De man is meinaam nei it plysjeburo, dêr't er foarearst sitten bliuwe moat.