Jan Heida wint NK iissilen

12 feb 2012 - 15:17

Iissiler Jan Heida út Snits is snein op it iis fan it Tsjûkemar Nederlânsk kampioen iissilen wurden. Te min wyn soarge der sneon foar dat de fjirtich dielnimmers pas oan it ein fan de dei fan start koenen. Snein wie it waar better en wist Heida genôch punten te pakken om syn kokurrint Diederik van Riemsdijk foar te bliuwen.

Heida hie in rûzige tarieding op it NK. By de training op it IJmeer, dêr't it kampioenskip oarspronklik holden wurde soe, fear hy syn boat oan barrels op de kistwurken.

It minne iis soarge der foar dat de organisaasje útwike moast nei de reservelokaasje op de Tsjûkemar. Heida hie syn boat krekt op 'e tiid klear om úteinlik de titel te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)