Minder sammelplakken foar fee

16 feb 2014 - 14:07
  • Kij yn 'e greide

Fryske boeren driigje in stik minder te fertsjinjen oan de ferkeap fan fee. It ferpartsjen fan fee foar hannel of slacht bart op sammelplakken. It tal kearen dat fee op sa'n sammelplak byelkoar set wurdt, is earder beheind ta twa om foar te kommen dat bistesykten harren ferspriede. Steatssekretaris Dijksma wol it no nochris beheine ta ien. Reden dêrfoar is dat de kontrôle troch de sektor sels net goed genôch is.

De bisten kinne minder opbringe, omdat dan mear transporten nedich binne, seit Andries Kingma fan de Ljouwerter feemerk.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)