SCO ferliest kuorbalthriller

16 feb 2014 - 13:06

De kuorballers fan SCO ha sneontejûn mei 28-24 ferlern fan SKF. Yn Veenendaal begong SCO goed oan de wedstriid. Yn in lykopgeande striid wist de ploech fan trainer Hillebrand Diever krekt foar rêst in lytse foarsprong te pakken. SCO socht de klaaihokken op mei in 13-15 foarsprong.

Nei rêst holden de ploegen inoar op 'e nij lang yn lykwicht. De wedstriid einige yn in wiere kuorbalthriller, wêryn't de thúsploech úteinlik krekt oan it langste ein luts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)