Flyers wint nei penaltyshots

De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht © Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneontejûn nei beslissende penaltys wûn fan Herentals. Yn it Belgyske Herentals kaam de ploech fan Chris Eimers goed út de startblokken troch in rappe treffer fan Shawn Collymore. Herentals kaam oan it begjin fan de twadde perioade op 1-1.
Troch goed keeperswurk fan beide goalys bleau de stân stykjen op 1-1 en wienen der penaltyshots nedich om in winner oan te wizen. Dêryn wist Tony Demelinne foar de Feansters as iennige spiler te skoaren.
Troch de winst klimme de UNIS Flyers nei it twadde plak mei 53 punten út 34 wedstriden. Tilburg Trappers giet oan de lieding mei 58 punten út in wedstriid minder.