Botsing dronken frou út Grou

16 feb 2014 - 11:42

In frou fan 31 jier út Grou moast sneontemoarn har rydbewiis ynleverje, omdat se ûnder ynfloed fan alkohol in oanriding feroarsake hie mei har auto. De plysje

spruts de bestjoerster oan op de Skaverij yn har wenplak. Se moast mei nei it buro. Dêr die bliken dat se te folle dronken hie. Der is proses-ferbaal tsjin de frou opmakke.

Trefwurden: 
Grou dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)