Jonge fertocht fan autoynbraak

16 feb 2014 - 11:33

De plysje hat sneontejûn in jonge fan 14 jier út Ljouwert oanhâlden. Hy soe belutsen wêze by in auto-ynbraak op it Cambuursterpaad yn de stêd. In plysjeman seach dat de jonge mei twa oaren de auto iepenbruts. Sy namen in navigaasjesysteem mei.

Twa fertochten wisten út te naaien. De jonge sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)