Ferkearsbuorden fan peal helle
Fjouwer manlju út de gemeente it Bilt hawwe sneontenacht in boete krige, omdat se yn har wenplak ferkearsbuorden fan peallen ôf hellen. In man seach dat en belle de plysje. Dy spruts de manlju oan op harren gedrach en joech se in bekeuring. It giet om twa manlju fan 20 jier, ien fan 19 en ien fan 23.