Aksje personiel seehûnekresj

Seehûnekresj Pieterburen © Omrop Fryslân
Meiwurkers fan de seehûnekresj yn Pieterburen fiere aksje om de nije direkteur te stypjen. Besikers meie der de kommende dagen fergees yn. Fanwege in konflikt oer de opfang fan de seehûnen sit de nije direkteur Kuizinga siik thús. Hy lit de bisten minder antibiotika jaan en earder weromsette yn see as oprjochtster Lenie 't Hart. Sy sit net mear yn de direksje, mar oefenet fia de ried fan tafersjoch noch wol ynfloed út.
It personiel keart him dêr no tsjin en wol dat de ried opstapt. As de aksje fan no neat úthellet, folget in koart pleit.