LDODK lit oerwinning slûpe

De kuorballers fan LDODK ha sneon mei 26-26 lykspile tsjin DVO út Bennekom. Yn in spektakulêre slotfaze krigen de Gordyksters njoggen tellen foar de ein op de stân 25-25 in strafworp dy't benut waard troch Erwin Zwart. DVO mocht lykwols noch ien kear de bal útnimme, en it wie Momo Stavenuiter dy't mei noch fjouwer sekonden op 'e klok fan ôfstân wer lyk makke.
LDODK hie yn de earste helte fjouwer goals foar stien, mar by it skoft stie it 13-12. Yn de twadde helte kamen se sels fiif goals foar (21-16), mar it wie net genôch foar de winst.