Holland House huldiget Sjinkie

15 feb 2014 - 21:34

Sjinkie Knegt is sneontejûn huldige yn it Holland Heineken House foar syn brûnzen medalje op de 1000 meter. De shorttracker fan Bantegea pakte as earste shorttracker ea in medalje. Sjinkie: "Dit is in moai feestje. Machtich. In pilske? Nee jong, ik moat noch twa kear ride. En boppedat, ik gean net sa faak los."

Sjinkie wie bliid dat syn freondinne Fenna en syn mem Liesje der ek by wiene: "Se binne hiel grutsk en ik bin hiel grutsk op harren."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)