Kromowidjojo 12de tsjin manlju

15 feb 2014 - 20:58
  • Ranomomi Kromowidjojo krekt foar de start
  • Ranomi Kromowidjojo tusken de manlju.
  • Ranomi Kromowidjojo yn aksje

Yn Drachten is topswimster Ranomi Kromowidjojo as tolfde einige yn in bysûndere wedstriid. Sy kaam yn de KNZB Challenger yn swimbad De Welle foar it earst út yn in manljuswedstriid. Op de 100 meter frije slach sette sy in tiid fan 54,31 sekonden op de klok tsjin in tiid fan 51,79 sekonden foar Jasper van Mierlo dy't de wedstriid wûn.

Kromowidjojo, olympysk en wrâldkampioene, fûn it moai om wer ris yn Drachten te swimmen. De swimster út Grinslân kaam eartiids geregeld yn it Drachtster swimbad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)