Leenstra yn rit 13 op 1500 m

15 feb 2014 - 17:23

Marrit Leenstra fan Wikel stiet snein yn rit 13 oan de start fan de Olympyske 1500 meter yn Sotsji. Leenstra nimt it op tsjin de Japanse Maki Tabata. Grutte favoryt Ireen Wüst komt yn rit 15 yn aksje tsjin de Noarse Ida Njatun. Jorien ter Mors rydt yn rit 9 tsjin Ayaka Kikuchi út Japan. De lêste Nederlânse dy't yn aksje komt is Lotte van Beek, dy't yn rit 18 rydt tsjin de Dútse Claudia Pechstein.

Marrit Leenstra ried oant no ta de 500 en 1000 meter, mar wist gjin medaljes te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)