ONS wint fan Barendrecht

Topklasser ONS Boso Snits hat sneon goede saken dien troch mei 2-0 te winnen fan Barendrecht. Yn Barendrecht kamen de Snitsers betiid op foarsprong troch in knappe frije traap fan Martijn Roosenburg, dy't weromkearde yn de basis nei fiif wedstriden skorsing. Sandor van der Heide wie foar it skoft ticht by de 2-0, mar syn skot einige yn it sydnet.
Nei rêst wie it op 'e nij Roosenburg dy't trije minuten foar de ein de wedstriid yn it slot smiet mei syn twadde treffer.
De ploech fan Bert Hollander komt troch de oerwinning op 32 punten út 21 wedstriden.