Verweij mist goud op tûzensten

15 feb 2014 - 16:13

Koen Verweij hat sneon it sulver pakt op de 1500 meter by de Olympyske Spelen yn Sotsji. Hy ried yn de slotrit eksakt deselde tiid as de Poal Zbigniew Bródka, dy't lykas Verweij yn in tiid fan 1.45.00 oer de einstreek kaam. Mei trijetûzenste wie de Poal lykwols krekt rapper as Verweij, wêrtroch't it goud nei Bródka gong. It brûns wie foar de Kanadees Denny Morrisson mei in tiid fan 1.45.22.

Mark Tuitert, de Olympysk kampioen fan Vancouver, einige mei syn tiid fan 1.45.42 njonken it poadium op it fyfde plak.

Stefan Groothuis einige mei 1.46.08 op it tolfde plak. Jan Blokhuijsen dy't yn 't plak fan Sven Kramer oan de start stie, kaam mei 1.46.50 net fierder as it trettjinde plak.

Verweij wie nei ôfrin djip teloarsteld mei it sulver. "Ik voel me niet echt blij, terwijl ik het misschien wel zou moeten zijn. Ik heb het hele jaar hard getraind om hier te winnen en nu ben ik tweede. Ik verlies hier", sei Verweij tsjin de NOS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)