Flagge foar medaljewinners

15 feb 2014 - 15:27

De Dokkumer Flaggesintrale makket spesjaal foar de Olympyske Spelen yn Sotsji in reedrydflagge. De Nederlânske reedriders helje op 't heden in soad medaljes yn Ruslân. Dêrom is Radio 2 mei in aksje kaam om in spesjale flagge te meitsjen foar de topsporters. De flagge wurdt yn Dokkum makke.

Yn it ûntwerp binne ûnder oare de Nederlânske kleuren read-wyt-blau en oranje te sjen en fierders is der in gouden reed ôfbylde. De reedrydflagge is fan dit wykein ôf te bestellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)