Hoogeveen wint finale yn Falun

15 feb 2014 - 14:48

Jouke Hoogeveen hat sneontemiddei de Grand Prix-finale op natoeriis yn it Sweedske Falun wûn. Hoogeveen hold nei 150 kilometer Simon Schouten en Bart Mol achter him.

By de froulju gong de winst nei Mariska Huisman. Sy bleau Carla Zielman en Foske Tamar van der Wal nei 100 kilometer foar. Huisman wûn dit jier ek al it Iepen Nederlânsk Kampioenskip op de Weissensee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)