Bestellen by boadskiprinnen

15 feb 2014 - 14:13

De plysje ûndersiket de stellerij fan jild fan twa ynwensters fan Ternaard. De froulju diene freed boadskippen yn in supermerk oan de Hantumerwei yn Dokkum. Fan in 62-jierrige frou waard nei it ôfrekkenjen de pinpas stellen. Nei alle gedachten is de pinkoade ôfsjoen, want mei de pas is letter jild opnaam.

Fan in 74-jierrige ynwenster fan Ternaard waard yn de winkel, doe't se even net oplette, de beurs stellen. Neidat dêr jild úthelle wie, waard de beurs weromlein. Om hokker bedraggen it giet, is net bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)