Benefytdiner Fier Fryslân

15 feb 2014 - 13:10
  • Benefytdiner: oer de 22.000 euro foar Fier Fryslân

In benefytdiner foar Fier Fryslân hat freedtejûn goed 22.000 euro opsmiten. It diner waard organisearre troch sân Fryske ko-assistinten. Se dogge dat út de stichting Medisch Benefiet Friesland wei. Sawat 160 iters út de medyske wrâld kamen op it diner ôf.

It jild is bedoeld foar in spesjale terapykeamer yn in nij ûnderdiel fan Fier Fryslân. Dêr wurde slachtoffers fan minskehannel en harren bern opheind en behannele. It wie de twadde kear dat de stichting in benefytdiner organisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)