Te lûde auto's yn Drachten

15 feb 2014 - 12:43

By in ferkearskontrôle op de Stasjonswei yn Drachten binne freed 28 auto's kontrolearre. Tsien bestjoerders krigen in bekeuring, omdat har auto te folle leven makke. Sy moatte har auto oanpasse en him dêrnei opnij keure litte. De kosten fan dy keuring komme foar eigen rekken.

De plysje skreau fierder ûnder oare bekeurings út foar net handsfree beljen, it net om hawwen fan de riem en it net op hawwen fan in helm troch in brommerrider.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)