De Friesland yn serious gaming

15 feb 2014 - 12:07
  • Leare de apparatuer te betsjinjen is ûnderdiel fan in game

De Friesland stekt jild yn 'serious games'. Dat binne kompjûterspultsjes dy't brûkt wurde kinne om in sjiruch te trainen of om pasjinten te helpen by revalidearjen. De soarchfersekerder set dêrfoar in partisipaasjemaatskippij op dy't in minderheidsbelang nimt yn it Ljouwerter bedriuw Grendel Games. In dochterûndernimming fan it UMCG yn Grins docht ek mei. Om hoefolle jild oft it krekt giet, wurdt net bekend makke.

De partisipaasjepoat fan De Friesland is spesjaal opset om fernijings yn de soarch te stypjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)