Wynkrêft 9 op Flylân

Stoarm © ANP, Catrinus van der Veen
De twadde stoarm fan fan 'e wike is in feit. Op Flylân waard sneontemoarn tusken seis en sân oere wynkrêft 9 metten. Dêrmei hat de wyn stoarmkrêft helle. Oan 'e kust stiet wynkrêft acht. Yn oare dielen fan de provinsje kinne swiere wynstjitten foarkomme. Fanwege de krêft fan de wyn hat it KNMI warskôgingskoade giel ôfjûn.
Ofrûne snein waard ek al stoarm metten oan de Nederlânske kust.