Feartsjinsten Doeksen ferfalle

14 feb 2014 - 21:36

Rederij Doeksen lit sneon de sneltsjinst fan 17.15 oere fan Harns nei Flylân ferfalle yn ferbân mei de mooglike stoarm. De tsjinsten tusken Skylge en Flylân fan 18.10 oere en de boat tusken Flylân en Harns fan 18.50 oere farre ek net.

Wol set Doeksen in ekstra boat yn tusken Flylân en Harns (16 oere) en Harns en Flylân (17.30 oere).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)