It Amelân wol sinnepark

14 feb 2014 - 21:29

De gemeente It Amelân wol graach in sinnepark oanlizze op it eilân. Freed hat de gemeente dêr in yntinsjeferklearring foar ûndertekene mei Eneco en de Amelander Engergie Coöperatie. It giet om in park fan sa'n 10 hektare grut, dat mei-inoar in fermogen krije moat fan 6 megawatt.

It doel fan de gemeente is om yn 2020 folslein enerzjyneutraal te wurden. It sinnepark soe 20 prosint fan de elektrisiteit op it eilân opwekke moatte. De kommende tiid sille de ferskate partijen sjen wat de mooglikheden binne foar sa'n sinnepark.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)