Man oppakt foar oerfal Ketlik

In man(58) út Littenseradiel is tiisdei oppakt as fertochte fan de oerfal op in hûs yn Ketlik. De bewenner, neffens boarnen in meiwurker fan it Iepenbier Ministearje, steurde de oerfaller by in ynbraak op 24 desimber. Dy oerfaller drige dêrnei mei in fjoerwapen en easke jild fan de bewenner. Der ûntstie in fjochtpartij en úteinlik naaide de oerfaller út sûnder wat mei te nimmen.
TV-programma Opsporing Verzocht hat omtinken jûn oan de saak. Dêrby waard in tekening fan de oerfaller toand. De fertochte bliuwt op syn minst twa wike fêstsitten.