Dijksma:ynset foar wegerboeren

Steatssiktaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken sil har ynsette foar saneamde earmerkwegerders. De boeren dy't op prinsipjele grûnen gjin giele flappen by kij oanbringe wolle, moatte serieus nommen wurden, sa seit Dijksma. De steatssiktaris sil besykje yn Brussel omtinken te freegjen foar it probleem.
Dijksma seit dit nei oanlieding fan it nijs dat earmerkwegerders op slot set wurde soene troch de NVWA. Der soe sels sprake wêze fan in 'hetze'. Earder dizze wike waarden by Thom de Groot, ien fan de boeren, 18 kij yn beslach naam.
Earder dizze wike stelde keamerlid Lutz Jacobi (PvdA) al fragen oer de saak fan de wegerboeren. Twadde Keamerlid Sander de Rouwe fan it CDA hat dat no ek dien.