Britt tutet foar Ruslân

14 feb 2014 - 15:29

Yn De Haach is freedtemiddei by de Russyske ambassade demonstreard tsjin it skeinen fan de rjochten fan homo's yn dat lân. De demonstraasje wie op tou set troch de PvdA yn De Haach. Fanút Fryslân waard der oan meidien troch de provinsjaal foarsitter fan de Jonge Socialisten, Edou Hamstra, en troch it Ljouwerter PvdA-riedslid Britt Hendrix.

De demonstraasje op Falentynsdei hie de foarm fan in kiss in. Fanwege de manifestaasje gie de Russyske ambassade freedtemiddei earder ticht as oars. Der diene sa'n 60 minsken oan de kiss-in mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)